1 op 10 skippers op de bon
Njoggen skippers op de Snitsermar en de Houkesleat ha de ôfrûne nacht in bekeuring krigen om't se tefolle drank op hiene. Fyftjin oare skippers krigen in bon foar oare oertredings, lykas it farren sûnder ferljochting.
De plysje hâlde justerjûn in grutte alkoholkontrôle op it wetter yn ferbân mei it begjin fan de Snitswike. Der binne mei-elkoar 114 skippers kontrolearre.