Ljochten noch langer stikken

De ferkearsljochten by Wurdum wurde net earder as moandei makke. Rykswettersteat hat in spesjalisearre bedriuw frege de stikkene ljochten te reparearjen. Mar dat bedriuw hat it hiel drok, wylst in diel fan de meiwurkers mei fakânsje is.
Eigen meiwurkers fan Rykswettersteat kinne net achterhelje wêrom't de ljochten it sûnt woansdei net mear dogge. Sa lang as de ljochten net wurkje moat it ferkear stadiger ride. In pear rydstroken binne ôfsletten.