Schuil en Nummerdor fierder
Richard_Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder_Nummerdor in ronde fierder. Se ha har by de grandslam út de World Tour beachfollybal goed troch de groepsfaze hinne slein. It duo wûn freed yn Eastenryk ek de tredde wedstriid fan Florian Gosch en Alexander Horst út Eastenryk.
Schuil en Nummerdor wûnen mei 21-17 en 21-15. Se komme sneon yn aksje yn de twadde omgong.