Jonges bekenne fernielerij

Jonges bekenne fernielerij
De twa jonges dy't oppakt binne foar fernielings op it begraafplak yn Wolvegea, ha bekend. Se binne 16 en 17. Earder waard in jonge fan 14 pakt, mar hy hat neat mei de saak te krijen.
De jonges út Wolvegea fernielden yn de nacht fan 10 op 11 july 29 grefstiennen. Ek wiene se ferantwurdlik foar it fernielen fan in auto, in bushokje en lantearnepeallen. De fertochten diene dat ûnder ynfloed fan alkohol. De skea wurdt rûsd op goed 10.000 euro.