Jonges sjitte op foarbygongers

De jonges skeaten mei in nepwapen
Twa ynwenners (19 en 21) fan De Westerein en ien (19) út Sweagerbosk binne tongersdeitejûn yn Ljouwert oanhâlden. Se hiene út in auto wei op foarbygongers mei boltsjes sketten.
De plysje koe de auto fan de manlju op it Hoeksterend oan de kant sette. Yn de auto waard in nepwapen fûn. De manlju binne meinaam nei it buro. Dêr binne se fûllearre en doe fûn de plysje ek noch 17 wikkels harddrugs en softdrugs. De fertochten ha in proses-ferbaal krigen.