Friezen mei Meksikaanske gryp

De GGD hat de grypgefallen befestige
Fjouwer Friezen binne besmet mei de Meksikaanske gryp, dat hat de GGD witte litten. It giet om in heit, mem en twa bern. Se hawwe har besmetting oprûn by in fakânsje yn it bûtenlân, mar binne yntusken wer yn Fryslân.
De besmetting is boppe wetter kaam doe't se nei harren fakânsje nei de húsdokter giene. It gesin is yntusken wer opknapt. Wêr't de Friezen weikomme is net bekend makke.