Wethâlder sylt mei pommeranten

De Sneekweek is dit jier fan 1 o/m 6 augustus
Wethâlder Metz fan Snits krijt kommende wike alle dagen in pommerant oan board by de sylwedstriden yn de Snitswike. Metz docht al in pear jier mei, de ôfrûne jierren waard er tredde en fjirde yn it einklassemint fan syn klasse. Deputearre Galema is sneon de earste dy't as fokkenist mei giet. Snein stapt syn kollega Schokker yn en de dagen dêrnei folgje noch Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma en boargemaster Brok.