Probleem eksposysje Martenatún

It bestjoer fan de Martenatún yn Frjentsjer wit net oft se yn de takomst noch wol eksposysjes hâlde wol yn de tún. Oanlieding is de útstalling fan penissen fan keramyk dy't der no is. Guon bin stellen en tal fan oaren fernield.
It bestjoer fan de Martenatún kin der eins neat tsjin dwaan. Bewaking is te djoer en it pleatsen fan in kamera kin ek net samar. Ynkoarten praat it bestjoer oer de takomst. De útstalling rint noch oant en mei septimber.