Gjin skûtsjesilen op De Lemmer

Yn 2008 waard der wol syld op De Lemmer
Ek de twadde skûtsjesylwedstryd dy't tongersdei by De Lemmer hâlden wurde soe giet net troch. It waait te hurd. Einliks soe it beslút oer it trochgean fan de wedstryd om healwei trijen naam wurde, mar it is no al dúdlik dat it waar it net talit.
Om healwei fiven is der noch wol in priisútrikking op 'e Lemmer, dêrnei fart de skûtsjefloat nei Snits. Dêr wurdt moarn de lêste SKS-wedstryd fan dit jier syld. Dêrnei folget fan sneon ôf de skûtsjestriid fan de IFKS.