Huzen op rugbyterrein Drachten

30 jul 2009 - 12:17

Wenningkorporaasje Accolade Wonen sil yn Drachten 36 apparteminten en 40 wenten bouwe op it eardere rugbyterrein oan de Ringwei. De gemeente Smellingerlân hat dêr tastimming foar jûn, mar der kinne noch beswieren yntsjinne wurde.

De wenten moatte der yn 2011 stean. De rugbyclub is twa jier lyn al ferhuze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)