Man mei 250 km. oer de A7

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Nieuw Roden hat woansdei fierstente hurd riden om oan de plysje te ûntkommen. Hy ried gemiddeld 219 kilometer yn 'e oere op de A7 tusken Leek en De Lemmer,mei útsjitters oant 250 kilometer.
De man wie de plysje yn Leek opfallen omdat er fierstente min ôfstân hold en geregeld boppe de tastiene 120 kilometer siet. De plysje sette dêrnei de achterfolging yn en sette him by De Lemmer oan 'e kant. It rydbewiis is ynnommen en in proses-ferbaal útdield.