Oplichters aktyf yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De plysje warskôget foar in groepke oplichters dat aktyf is yn Fryslân. De Ingelsktalige manlju besykje mei in sneu ferhaal kompjûters, laptops en mobile telefoans te ferkeapjen. Yn Snits en op It Hearrenfean trapen twa minsken yn it ferhaal fan de manlju.
Thús die lykwols bliken dat der by ien fan de twa gjin apparatuer yn 'e doaze siet, mar ierappels. By de oare wie de doaze leech. De mannen ride yn in grize of silverkleurige auto.