Nije spiler foar Aris
Basketbalklup De Friesland Aris hat de opfolger fan Matt Bauscher yn hûs helle. De Amerikaan Craig Moore moat de suksesfolle Bauscher ferfange as shooting guard.
Moore spile yn Amearika college-basketbal en hy skoarde yn Amearika dik 40 prosint fan syn trijepunters en krige dêrtroch de bynamme "The Iceman".