Brân De Waaie St. Anne oplost

30 jul 2009 - 10:09

Trije ynwenners fan Sint Anne hawwe bekend de brân yn sportkompleks De Waaie yn har wenplak oanstutsen te hawwen. De trije fan 18, 19 en 27 jier âld waarden in wike nei de brân fan 6 juny oanhâlden.

De brân begûn neidat de trije yn it kompleks ynbrutsen hiene en der eksperimintearren mei de magnetron en der ek rookten. Dêrnei ferlieten se it kompleks en namen guod mei. Koart dêrnei bruts de brân út, dy't neat fan it kompleks oerliet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)