Skûtsjes sile moarns net
It skûtsjesilen by De Lemmer giet tongersdeitemoarn net troch omdat it te hurd waait. Fan 'e moarn soe earst de wedstryd dy't sneon by Starum staakt waard, ynhelle wurde. Dizze wedstryd komt no definityf te ferfallen.
Oft de wedstryd fan tongersdeitemiddei trochgiet, wurdt om healwei trijen bekend makke. Dy wedstryd begjint dan om healwei fjouweren.