Brân replika VOC-skip

30 jul 2009 - 07:26

In replika fan it VOC-skip Prins Willem is woansdeitenacht yn Den Helder útbaarnd. De trijemêster is yn 1984-1985 boud by de werf Amels yn Makkum. Dy makke it skip foar it iepenloftmuseum Nagasaki Holland Village yn Japan.

Yn 2003 kaam it skip werom nei Nederlân. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend. De orizjinele Prins Willem is yn 1662 sonken by Madagaskar.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)