Gert-Anne van der Bos Kening

Gert-Anne van der Bos (20) fan Holwert waard woansdei útroppen ta Kening fan de 156ste PC. Hy krige acht punten fan 'e keningskommisje, ien puntsje mear as syn keatsmaat Daniël Iseger. Folkert van der Wei krige trije punten fan 'e kommisje. "Ik hie it net ferwachte", sei Gert-Anne, "Daniël keatste ek geweldich. Dit is prachtich en machtich."
Van der Bos wurdt woansdeitejûn feestlik ynhelle yn syn wenplak Holwert.