Favoryt Vd Bos makket rol wier

29 jul 2009 - 16:18

It favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos makket syn rol wier. Yn de twadde omloop ha se it partoer fan Rutmer van der Meer fan it fjild fage mei 5-0 en 6-0. Rutmer van der Meer hie lêst fan in blessuere en mei syn maten Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra kaam er net goed yn it spul.

Van der Bos sil nei de heale finale mei syn maten Folkert van der Wei en Daniël Iseger. Se sille tsjin de winner fan it partoer fan De Groot of dat fan Wytsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)