Sjaarda nei heale finale

29 jul 2009 - 15:47

Op de twadde list wie it partoer fan Dirk Yde Sjaarda mei Erik Haitsma en Tjibbe Hansma sterker as dat fan Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Feiko Broersma.

Sjaarda-en-dy wûnen mei 5-2 en 6-0. Dat betsjut dat it earsteklas partoer yn de heale finale stiet en dêr it partoer fan Site Ferwerda mei dêryn twa debutanten tsjinkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)