Tolsma ferslacht Groenendijk

29 jul 2009 - 12:29

De kening fan ferline jier, Douwe Groenendijk, hat de earste wedstriid op de PC ferlern. Mei Martijn Olijnsma en Hylke Bruinsma koe er net winne fan it partoer Hindrik Tolsma, Michel van der Veen en Johannes Boersma. Dy wiene mei 5-5 en 6-4 te sterk.

Nei ôfrin krige Groenendijk blommen want it is syn lêste PC. It trio Tolsma is in earste klas partoer, mar hat in prima keatsseizoen draaid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)