Suzanne wint modellewedstriid

29 jul 2009 - 11:40

Suzanne Visser út Ljouwert is ien fan de twa winners fan in modellewedstryd fan it buro House of Orange út Amsterdam. Suzanne melde har begjin juny mei in tal oaren op it stasjon fan Ljouwert foar in seleksjeronde.

Mei in famke út Hurdegaryp waard se útkeazen foar de finale. Dy wie ferline wike yn Amsterdam. De oare winner komt fan bûten Fryslân. Beide ha in kontrakt fan trije jier by it modelleburo wûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)