Minder Friezen by tsjerke

Minder Friezen binne oansletten by in tsjerke
Minder Friezen binne oansletten by in tsjerke. It is de ôfrûne fiif jier fierder ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Dat hat berekkene dat ferline jier 48 prosint fan de Friezen oansletten wie by in tsjerke, yn 2003 wie dat noch 51 prosint.
Fan de tsjerkeleden giet trettjin prosint nei in PKN-tsjerke, alve nei in grifformearde tsjerke, tsien nei in herfoarme en acht nei in roomske. Ien prosint fan de Friezen is oanhinger fan de Islam.