Perken omlein fanwegen wyn

De PC is woansdei wat letter begûn omdat de perken omlein wurde moasten. Om 6.00 oere wie de wedstriidkommisje fan betinken dat by it Bolwurk opslein wurde koe, mar by oankomst om 9.30 op it Sjûkelân die bliken dat de wyn wer draaid wie. De keatsers moatte yn de wyn opslaan, dat de perken binne wer omlein. Dat kin yn in lytse tsien minuten.
De wedstriid begjint mei de partoeren Rinia tsjin Ferwerda en Sjaarda tsjin Zijlstra.