De koets mei de winners

29 jul 2009 - 09:20

Op de Foarstrjitte yn Frjentsjer stiene woansdeitemoarn al tûzenen minsken te wachtsjen. Se woene de koets sjen mei de winners fan de PC fan ferline jier. Yn de koets sitte Auke van der Graaf, Jochum Bouma en Douwe Groenendijk. Dy lêste twa sille dit seizoen ophâlde mei keatsen en Van der Graaf is al ophâlden.

Opmerklik genôch besykje minsken noch kaarten foar de PC te ferkeapjen. Oare jierren waarden benammen kaarten frege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)