Hierjacht mei sauna te wetter

28 jul 2009 - 20:40

Yn Terherne is tiisdei de Maxima te wetter litten. It giet om in hast 14 meter lang hierjacht dat foarsjoen is fan in soad lúkse wêrûnder in sauna. Neffens eigner Arend de Schiffart is it skip mei dizze fasiliteit unyk.

De Maxima is sa boud dat it ek yn de hjerst en winter ferhierd wurde kin. Sa is der spesjaal isolaasjemateriaal brûkt. De Maxima is bedoeld foar hierders dy't mei in lúks jacht farre wolle, sûnder dat sy dat yn eigendom hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)