Buro Menaam en Ferwert ticht

28 jul 2009 - 20:22

De plysjeburo's fan Ferwert en Menaam gean op 1 augustus ticht. Dat hat de plysje sels bekend makke. Yn Fryslân stean 15 buro's op de list om sletten te wurden. Dat hat te meitsjen mei besunigings by de plysje.

De sluting fan de buro's fan Ferwert en Menaam hat lykwols in oare reden: der komme kwalik minsken. Soms binne dat der mar 2 of 3 yn in wike. De plysje wol it makliker meitsje om oanjefte te dwaan op in plysjeburo dat de dupearre sels it bêste útkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)