Alkoholgrins fan 16 nei 18?

Leeftiid foar drank fan 16 nei 18?
As de leeftiidsgrins foar it keapjen fan alkohol fan 16 nei 18 giet, kin dat rekkenje op stipe by Fryske bestjoerders. Dy konklúzje kin lutsen wurde út in lytse stekproef.
Ut in enkête fan de VNG docht bliken dat in tredde part fan de Nederlanske gemeenten der wol wat foar fielt. Yn plattelânsgemeenten en grutte stêden binne faak problemen mei jongeren dy't fiersten tefolle drinken. Oft de Twadde Keamer in ferheging fan de leeftiid stipet, is noch bot de fraach.