Bêste camping net yn Fryslân

28 jul 2009 - 16:12

De bêste boerecamping fan 2009 leit net yn Fryslân. Dat is dúdlik wurden no't de nominaasjes fan de seis regio's fan de brânsjorganisaasje Vekabo bekend makke binne.

Fryslân falt ûnder de regio noard en east. Yn dy regio is in boerecamping yn Vriescheloo yn Grinslân oanwiisd as dielnimmer oan de lanlike finale. Yn Fryslân wie earder noch De Tjasker yn Wikel yn de race, mar dy camping hat de foarronde dus net helle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)