Man rydt mei sin op minsken yn

28 jul 2009 - 15:57

In Ljouwerter (37) is tiisdei mei opsetsin op in heit en in soan út Deinum ynriden op de Insulindestrjitte yn Ljouwert. Dat barde nei't de man fergees besocht om de Deinumers yn te heljen en doe mei de auto klem kaam.

De mannen praten ôf dat de Ljouwerter syn auto efterút ride soe, mar yn 't plak dêrfan joech er gas en ried de Deinumers oan. Sy rekken licht ferwûne, mar de soan is wol 20 meter meisleept. De dieder naaide út, mar melde him letter op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)