Ravaazje troch Twizeler

28 jul 2009 - 15:03

In 25-jierige bestjoerder út Twizel is moandeitenacht útnaaid nei't er yn De Like yn Grinslân in ravaazje oanrjochte hie. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt, botste tsjin in lantearnepeal en ried troch in parkje. Hy ried troch en waard troch in kunde nei hûs ta brocht.

Op it plak dêr't de man tsjin de peal oan botste leine rûnom ûnderdielen fan de auto. De plysje socht de man thús op. Dêr die bliken dat de bestjoerder drank op hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)