Falske start Marit Bouwmeester

28 jul 2009 - 14:57

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is min begûn oan it wrâld kampioenskip. Yn it Japanske Karatsu waard se yn de earste race diskwalifisearre troch in falske start. Yn de twadde wedstriid waard se fjirtjinde.

Yn it klassemint stiet se no teloarstellend 60ste. It WK yn de Laser Radial-klasse duorret noch oant en mei snein 2 augustus.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)