Foppe analist Eredivisie Live

28 jul 2009 - 14:55

Ald-trener Foppe de Haan analisearret it kommend seizoen fuotbalwedstriden foar Eredivisie Live. Dat is it betelle kanaal fan de earedivyzjeklups. Foppe de Haan krijt dêr selskip fan Ruud Gullit. Der binne noch mear analisten by it kanaal fan de earedivyzje, nammentlik Jan van Halst en Jaap Stam.

De Haan is op it stuit wer yn tjinst by Sportklub Hearrenfean, dêr't er jonge talinten begeliedt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)