Ferslavingssoarch flink groeid

© Omrop Fryslân
Ferslavingssoarch Noard Nederlân is de lêste fjouwer jier flink groeid. De organisaasje gie yn dy perioade fan 600 nei 1000 wurknimmers. Tongersdei fiert de ferslavingssoarch dat yn Ljouwert it 1000ste personielslid oan it wurk giet.
De taname komt foaral troch in oare oanpak. Minsken mei in ferslaving wurde aktyf opsocht en ek fia ynternet kinne minsken oan har ferslaving wurkje. It tal behannele ferslaafden is de lêste 4 jier mei 2000 groeit.