Plysje ropt help Burgernet yn

De plysje hat tiisdei de help ynroppen fan Burgernet fanwege in oanriding op de Insulindewei yn Ljouwert. In man yn in swarte opel corsa ried twa minsken oan en naaide dêrnei út. De twa slachtoffers hawwe ferskate ferwûnings oprûn. Nei in heal oere melde de 36-jierrige man himsels op it plysjeburo.
Fia Burgernet krije hûnderten boargers in berjocht wêryn't se frege wurdt út te sjen nei de dieder.