Bûtenboardmotor stellen
De plysje docht ûndersyk nei de stellerij fan in bûtenboardmotor, ôfrûne wykein yn Eastermar. Dat barde oan de haven oan de Snakkerbuorren. De havenmaster ûntduts dat de boat fuort wie en warskôge de eigner.
De boat waard weromfûn op de Burgumermar en is nei de haven weromsleept. Dêr ûntduts de eigner dat de bûtenboardmotor fuort wie.