Frou mei kokaïne oanholden

28 jul 2009 - 09:58

De plysje hat moandeitejûn op de Harnzertrekwei yn Ljouwert in 40-jierrige frou út Ousterhaule oanhâlden. Der wie in melding binnenkommen oer de frou. Dy soe ûnder ynfloed fan drugs yn de auto stapt wêze. By kontrôle die bliken dat se wierskynlik kokaïne by har hie.

De frou is oanhâlden en nei it buro brocht. Nei ferhoar mocht se wer nei hûs. De drugs binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)