Poaters faker ôfkard

27 jul 2009 - 21:18

Der binne dit jier al trije kear safolle set-ierappels ôfkard as ferline jier. Ek hat it NAK, de Nederlânske Algemiene Keuringstsjinst, hast twa kear safolle ierappels yn klasse ferlege.

Dat komt omdat der in soad firussen yn de planten sitte troch blêdlús. Ek rukt de erwinia baktearje hieltyd mear op troch it waarme en fochtige waar. De ôfkarde planten kinne wol brûkt wurde as konsumpsje-ierappels, mar dy leverje foar de boeren folle minder op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)