PC: hege nûmers foar favoriten

Douwe Groenendyk op de PC fan 2008 (foto Martin de Jong)
De measte favorite partoeren ha moandei in heech nûmer lutsen op de lotting foar de 156ste PC. It partoer Rutmer van der Meer (11) begjint tsjin Robert Rinia (12). As se dat winne treffe se yn de twadde omloop it partoer fan Gert-Anne van der Bos (10) of dat fan Jelte-Pieter Dykstra (9). Ek Johan van der Meulen hat mei 16 in heech nûmer lotte.
PC-kening Douwe Groenendyk (2) moat it yn de earste omloop opnimme tsjin it earste klas-partoer fan Henrik Tolsma.