Harkemaster stjert yn auto

27 jul 2009 - 18:06

In man (47) út De Harkema is snein ferstoarn, neidat er yn 'e auto in hertstilstân krige. De man rekke yn Musselkanaal net goed achter it stjoer en rekke út de tiid. Hy botste tsjin in beam en in lantearnpeal.

Helpferlieners ha noch besocht om him te reanimearjen, mar dat slagge net. It slachtoffer ferstoar yn it sikehûs, nei alle gedachten oan de gefolgen fan in hertstilstân. Syn frou en dochter, dy't ek yn de auto sieten, rekken net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)