Better gedrach treinreizgers

27 jul 2009 - 10:39

Reizgers fan Arriva dringe minder by de doarren en sette minder tassen op de banken fan de trein. Dat komt neffens Arriva troch de kampanje fan in heal jier lyn. Arriva liet it boadskip fan de kampanje omroppe yn de trein en de stewards fan it bedriuw wiisden de reizgers der ekstra op.

Arriva hat klanten dy't geregeld in enkête ynfolle. Neffens har wurket de kampanje. Arriva jout de kampanje no in ferfolch mei posters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)