'Bob' warber yn 'e Snitswike

In 'Responsible Young Driver' nimt in blaastekst ôf
De stifting Responsible Young Drivers sil by de Snitswike in eachje hâlde op it ferkearsgedrach fan de jongerein. Benammen de Bob, de nuchtere sjauffeur dy't elk groepke ha moat, wurdt yn de gaten hâlden. Yn Snits sille se alle dagen op in paad om de sjauffeurs in spesjaal polsbantsje oan te bieden. Sa wit elk wa't de 'Bob' is.
Oan 'e ein fan de jûn sil de stifitng dan ek noch kontrolearje oft de Bob ek echt nuchter genôch is. En as dat sa is krijt dy in kadootsje.