Man fart te lûd troch Ljouwert

27 jul 2009 - 10:27

In 23-jierrige man út Gytsjerk moast snein meikomme nei it plysjeburo om't der tefolle leven wie op syn boat. De man fear troch de grêft by de Foarstreek yn Ljouwert mei in tal freonen. De muzyk stie lûd oan.

Plysjes sprutsen de man oan op de oerlêst, mar dy wie it net iens mei de klacht. Hy moast him dêrop identifisearje, mar hie gjin identiteitsbewiis by him. De man is oanhâlden. Nei ferhoar stie er wer op strjitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)