Schuil fjirde op grandslam
Beachfoljeballer Richard Schuil fan Ljouwert is mei syn maat Reinder Nummerdor fjirde wurden by it grandslam yn it Frânske Marseille.
Yn de striid om it brûns ferlearen Schuil en Nummerdor mei 13-21 en 21-23 fan de Dútske wrâldkampioenen Julius Brink en Jonas Reckerman. It Dútske duo hat de ôfrûne trije FIVB-toernoaien wûn.