Fjochterij op fiadukt

© Omrop Fryslân
De plysje hat fan sneon op snein fjouwer jonges fan 18, 19 en 21 jier út Tsjechië oanholden op 'e Lemmer. De fjouwer soene belutsen west ha by in fjochtpartij mei in groep jongerein op it fiadukt fan de Almere.
De groep ferklearre dat se rúzje hiene mei de fertochten, wêrnei't der oer en wer slein is. Dêrby binne in man en in 22-jierrige frou fan De Lemmer ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs. De jonges binne ynsletten.