Konteners yn brân yn Snits

26 jul 2009 - 16:11

Minsken moasten fan sneon op snein har huzen ferlitte oan de Liaukemastrjitte yn Snits fanwege in brân. Dêr stie in ôffalkontener op de begeane grûn fan in portykflat yn de brân. De brân wie nei alle gedachten oanstutsen.

Dwêste mei wetter en brânblussers slagge earst net, wêrtroch't de minsken evakuearre waarden. Dat slagge net elkenien want der bleaunen minsken op har balkon stean. Ien persoan is mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)