Iepen dei SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De iepen dei fan sportklub Hearrenfean hat likefolle minsken lutsen as ferline jier. Goed 10.000 minsken, benammen bern en gesinnen, kamen op it jierlikse feestje by it Abe Lenstra-stadion ôf.
Dit jier wie der in kraan dy't minsken santich meter de loft ynbrocht. Dêr hiene se in útsicht oer it stadion en It Hearrenfean. Fierder wiene der optredens fan Lisa en Rachel, de nûmers 1 en 2 fan X-factor en joegen de spilers hantekens.