Stellerij bûtenboardmotors

26 jul 2009 - 15:59

De plysje stelt in ûndersyk yn nei de stellerij fan trije bûtenboardmotors yn Harns. De motors wiene ûnderdiel fan boatsjes dy't yn de Ried leine. Fan alle trije boatsjes binne de motors, nei alle gedachten tusken freedtejûn en sneontemoarn, stellen.

It giet om twa fjouwer pk 'takt Yamaha' en ien fiif pk 'Mariner'. In 26-jierrige Harnzer hat yntusken oanjefte dien. De oare dupearren folgje noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)