Man oanholden mei kokaine

26 jul 2009 - 15:15

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 25-jierrige man út Ljouwert oanholden omdat er harddrugs by him hie. Surveillearjende plysjes seagen de man riden op de Aldlânsdyk. Omdat dizze man syn rydbewiis ynnaam wie, krige er in stopteken.

By kontrôle fan de auto fûnen de plysjes in pûdsje mei drugs. De bestjoerder waard oerbrocht nei it buro en dêr foar ûndersyk ynsletten. Yn it pûdsje siet 4,5 gram kokaine. De Ljouwerter hat proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)