Slang yn wenhûs Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed út in wenning oan de Vincent van Goghstrjitte yn Ljouwert in slang ferwidere. In meiwurker fan Repticura hat dêr by holpen. In 44-jierrige man brocht syn soantsje op bêd doe 't er in readoranje slang mei flekken yn de finsterbank lizzen seach.
It likernôch 80 sintimeter lange reptyl libbe en lei oprolle. It gong om in saneamde kleurde ratteslang dy't yn it wyld net yn Nederlân foarkomt.