Elma de Vries wint etappe

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule hat sneon yn Otterloo de tolfde etappe fan de Univé World on Wheels-skeelerkompetysje wûn. De Vries wûn it by de froulju mei in ronde foarsprong op it peloton.
It komt net faak foar dat by de froulju de oerwinning pakt wurdt mei in ronde foarsprong. De Australyske Brooke Lochland waard twadde. Takom wike wurdt yn België it Europeesk kampioenskip ferriden.